Twa tips sedemisdriuw Mûnein

23 jul 2014 - 11:34

De plysje hat oant no ta twa tips binnenkrigen oer it slimme sedemisdriuw yn Mûnein dêr't tongersdei in minderjierrich famke slachtoffer fan wurden is. De plysje hie frege om ynformaasje oer in rôze of pearse brommobyl dy't tongersdei yn de buert fan Mûnein, Damwâld of Feanwâlden sjoen is.

Wat der krekt bart is, is net bekend. In 56-jierrige Ljouwerter sit fêst as fertochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)