Twa terpen yn Ljouwert wurde nei alle gedachten oanwiisd ta gemeentlik monumint. It giet om de Aldehouterp mei dêrop ûnder oare de Bûterhoeke, Lytse Tsjerkstrjitte en in diel fan de Nijstêd. En om de Nijehouterp en Ie- of Minnematerp. Dêrop binne ûnder oaren dielen fan de Foarstreek, Kelders en it Naauw te finen.
It oanwizen ta gemeentlik monumint hat gjin gefolgen foar de bebouwing op de terpen. It betsjut wol dat der net samar mear djipper as in heale meter groeven wurde mei. Dat is omdat de terpen fan grutte archeologyske wearde binne.
It giet noch om in foarnimmen fan de gemeente, wolstânskommisje Hûs en Hiem moat der noch advys oer útbringe.
|
Ferwûnen by motorûngelok
20 mei 2012 - 13:26 |
|
'Moardner Marianne is bekende'
21 mei 2012 - 00:11 |
|
Fytserke (13) slim ferwûne
21 mei 2012 - 08:04 |
|
Pealsitten yn Marsum is dien
20 mei 2012 - 11:41 |
|
Foto's dossier Vaatstra op tv
19 mei 2012 - 15:17 |
Wat fine jo derfan?
antwurdapparaat: 058 7009 777
Of fol hjir it formulier yn.