Twa talinteprojekt-nominaasjes

04 maaie 2007 - 15:52
  • Ek Koopmans meel út Ljouwert is nominearre (foto: Hayo Bootsma)

Twa Fryske bedriuwen binne nominearre foar de priis fan it talinte-projekt Meester-Gezel fan de universiteit Grins en it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân.

It giet om De Vries kezinen op De Gordyk en Koopmans Meel yn Ljouwert. Yn dit projekt wurde studinten keppele oan minsken út it bedriuwslibben. Op 22 maaie wurdt út in groep fan 9 koppels de beste master en de beste gezel keazen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)