Twa Superplätze yn Fryslân

14 jan 2011 - 22:21

Kemping De Kuilart yn Koudum en Kemping Bergumermeer yn Sumar binne Superplätzen. Se ha dy titel krigen fan de Dútske toeriste-organisaasje ADAC. Neffens de organisaasje fan Nederlânske rekreaasje-ûndernimmers, de Recron, is dat in prestaasje dy't gelyk stiet oan in Michelin-stjer foar in restaurant.

De Fryske kampings skoare ûnder oare goed om't se ideaal binne foar wettersporters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)