Twa supermerken ticht: drokte by Poiesz yn Balk

13 mrt 2015 - 08:17
  • Logo Poiesz

By de Poiesz yn Balk hawwe se it op it stuit smoardrok. De oare supermerken yn it doarp binne ticht. De C1000 wurdt omboud ta Plus en de Lidl is sletten fanwege in útwreiding. Oare wike woansdei gean se wer iepen, mar yn de tuskentiid moat de Poiesz alle seilen bysette.

It personiel moat ekstra wurkje, kollega's út oare filialen springe by en yn stee fan ien kear deis wurdt de winkel no twa kear deis befoarriede. Alle fiif kassa's binne de hiele dei troch iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)