Twa stoomloks yn Snits

06 maaie 2008 - 11:43
  • Dit jier foar en achter in lokomotyf

Op it kommende Stoomtreinwykein op 24 en 25 maaie binne foat it earst twa stoomlokomotiven te sjen. It giet om âlde stoomloks dy't boud binne foar de Dútske spoarwegen. De stoomtreinen ride yn ien kear troch fan Snits nei Starum. Yn Starum binne dan ferskate aktiviteiten te dwaan.

Omdat der noch gjin 'trochrinspoar' is, sitte de lokomotiven oan elk ein fan 'e trein: ien foaroan en ien achteroan. Sa kin de trein maklik weromride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)