Twa Stienzers mishannele

02 aug 2011 - 10:25

Yn Stiens binne freedtemoarn twa ynwenners fan dat doarp mishannele troch in groep fan fiif manlju. Ien fan har waard wekker troch it leven dat de fiif makken. Hy gie derút om der wat fan te sizzen. Doe't ien fan de fiif manlju him mei syn telefoan filmje woe, woe er dat net lije.

Dêrop ûntstie der fjochterij, wêrby't de fiif manlju it slachtoiffer sloegen en skopten. In buorman dy't de Stienzer helpe soe, krige in klap mei in izeren staaf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)