Twa spilers werom nei Flyers

25 aug 2009 - 15:21

De smaakmakkers Andrei Levitin en John Gordon komme werom by iishockeyklup Hajé Flyers. De 23-jierrige Gordon spile yn it seizoen 2007/2008 ek al foar de ploech fan It Hearrenfean. De Kanadeeske ferdigener waard ferline jier kampioen mei Den Haach.

Levitin helle earder twa kear de finale mei de Flyers. Troch finansjele stipe fan in tal fans fan de Flyers waard de komst fan de Rus Levitin mooglik makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)