Twa spilers fuort by Flyers

23 des 2006 - 12:15

Nei't coach Brian de Bruyn by iishockeyclub Vadeko Flyers fan It Hearrenfean dizze wike bekend makke dat er fuort gie, binne no ek twa spilers opstapt. It giet om Brad Wanchulak en Corey Sabourin.

It is in tsjinfaller foar de nije coach Alex Andjelic. Wanchulak soe kontakten hawwe mei in club yn Amearika. Hy waard yn septimber nei it Hearrenfean ta helle. Corey Sabourin giet om priveeredenen werom nei Kanada.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)