Twa Snitsers fêst foar drugs

13 des 2003 - 00:00

De plysje hat ôfrûne wike twa ynwenners fan Snits oanhâlden. It duo, twa jonges fan 19 en 20 jier âld, wurdt derfan fertocht dat se besocht ha drugs te ferkeapjen oan jongeren. Dat diene se ûnder oare yn Snits en Heech.

De âlden fan de jongeren yn Heech melden de saak by de plysje. Dy koe nei it hearren fan de jongeren de twa oanhâlde. Neffens de plysje hannelen se al oardel jier yn xtc, speed en kokaïne. De twa sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)