Twa slachtoffers misbrûk krije 70.000 euro fan bisdom

13 apr 2016 - 14:32

It bisdom Grins-Ljouwert hat 70.000 euro betelle oan twa slachtoffers fan misbrûk troch in meiwurker fan it bisdom. Dat stiet yn it jierferslach fan it lanlike bisdom. Yn totaal binne der lanlik rom 3600 klachten binnen kaam. Goed 800 slachtoffers ha oanjûn dat se finansjele kompensaasje wolle.

Yn 700 gefallen is útspraak dien. Der is oant no ta foar 21 miljoen euro oan kompensaasjes betelle. Dêrneist kosten de klachtekommisjes en de juridyske bystân de katolike tsjerke nochris miljoenen euro's. It misbrûk spile yn de jierren '50 en '60.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)