Twa skoaljonges It Hearrenfean oppakt foar DDoS-oanfal

10 sep 2015 - 15:43
  • Bornego College

Twa learlingen fan it Bornego College op It Hearrenfean wurde fertocht fan it útfieren fan in saneamde DDoS-oanfal op it netwurk fan de skoalle. De twa binne nei foaren kaam nei ûndersyk troch de digitale resjerzje fan de plysje.

Nei de twadde grutte oanfal wie it de skoalle dúdlik, dat dy útfierd wie troch eigen learlingen. Neffens direkteur Frits Hoekstra fan it Bornego College ha de jonges in bekentenis ôflein. It gie neffens Hoekstra om in kweajongesstreek dy't folslein út de klauwen rûn is.

De learlingen komme yn oanmerking foar in straf by buro Halt. Se hoege net fan skoalle ôf. Hoekstra fynt net dat je de learlingen twa kear straffe moatte. Oft it Bornego College de skea ferhelje sil op de âlden, is noch net dúdlik.

It systeem waard ein augustus ek al hackt. Learlingen hiene doe troch de hack gjin tagong ta ynternet en dosinten koene har lessen net jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)