Twa skimmers oppakt

21 nov 2009 - 12:40
  • Skimmers oppakt yn Snits

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon yn Snits twa skimmers oanhâlden. In winkelier hie sjoen dat der mei de pinautomaat fan de ABN Amrobank oan de Middelseeleane knoeid wie.

Plysjeminsken holden de automaat de hiele dei en nacht yn de gaten en koe sa de beide Roemeenske manlju fan 25 en 30 jier op 'e die betraapje. Minsken dy't freed pind ha, krije noch berjocht fan de bank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)