Twa sirkustigers nei Pantera

05 mrt 2008 - 16:32
  • Pantera fangt twa sirkustigers op

De twa lêste Nederlânske sirkustigers binne woansdei nei Fryslân brocht. It opfangsintrum Pantera yn Nijeberkeap nimt se op. Fanwege jildkrapte nimt Pantera gjin nije bisten mear op, mar om't de eigner de kosten fan 4000 euro yn 't jier sels betellet, binne de tigers wolkom.

It ôfskie foel de eigner dreech, mar Pantera is in goed plak foar syn 17 jier âlde bisten. Hy docht se fuort om't er ophâldt mei syn sirkusakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)