Twa rotondes iepene by De Tynje

08 nov 2002 - 00:00

It wie freed feest op 'e Tynje en yn Terwispel, fanwege de offisjele iepenstelling fan twa rotondes. Dêrmei kaam tagelyk in ein oan in jierrenlange ûnfeilige situaasje.

Benammen op 'e Tynje waard al jierren mei klam frege om in oplossing, ek al omdat dêr ferskate ûngelokken bard wiene. Skoalbern hawwe freed mei deputearre Bijman de rotondes iepene. By inoar hawwe de rotondes 250.000 gûne koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)