Twa prizen útrikt troch FNP

11 jan 2004 - 00:00

By de nijjiersgearkomste fan de FNP yn Aldemardum binne lykas wenst twa prizen útrikt. De sulveren fyts foar in 'aldendeiske fytser' gong nei Gerben Stegenga fan Sleat. De miljeupriis gong nei de Jeugdfûgelwacht fan Gaasterlân-Sleat.

Stegenga is in fytsende forins, dy't gjin rydbewiis hat. Hy fytst alle dagen fan Sleat nei syn wurk op 'e Jouwer. Hy hâldt dat fol, sels al is er al twa kear oanriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)