Twa polykliniken Sionsberg

13 aug 2013 - 21:47
  • De Sionsberg

Sikehûs De Sionsberg sil alle polyklinyske ôfdielings ûnderbringe yn twa romtes, ien foar snijende spesjalismen en op de earste ferdjipping de net-snijende. Sa kin mei minder personiel wurke wurde. De meiwurkers binne tiisdei oan de ein fan de dei op de hichte brocht troch de direksje.

Om it ferliesdraaiende sikehûs yn Dokkum iepenhâlde te kinnen moat in tredde fan it personiel derút. Dat binne 120 banen. It giet om 75 yn de direkte soarch. Yn de top giet der ek in tredde út. De ûndernimmingsried moat noch te set oer de plannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)