Twa persoanen oanhâlden foar himphannel yn 'e Stellingwerven

15 mrt 2016 - 18:23

By in himpûndersyk yn Noardwâlde en Appelskea binne tiisdei twa persoanen oanhâlden. Se wurde fertocht fan hannel yn himp en it wytwaskjen fan jild. Harren wenten binne trochsocht, en ek in pleats yn de gemeente Weststellingwerf. Der waard in himpdrûgerij, in -knipperij en in -ferpakkerij oantroffen mei tsientallen kilo's himp. In diel dêrfan wie al ferpakt.

Dêrneist binne twa persoane-auto's, twa bestelauto's, in fjoerwapen, jild en administraasje yn beslach naam. Der binne ek poeiers fûn. Undersyk moat útwize oft it om hardddrugs giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)