"Twa Olympyske medaljes"

19 apr 2012 - 12:19

As de Olympyske Spelen moarn hâlden wurde, dan hellet Fryslân twa Olympyske medaljes. Dat hat it sportmediabedriuw Infostrada berekkene. Sylster Marit Bouwmeester soe goud helje en turner Epke Zonderland sulver.

Op basis fan ûnder oaren prestaasjes út it ferline tinkt it bedriuw hiel krekt sizze te kinnen hoe't de sporters presteare sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)