Twa oanhâldings op Beachrock

06 jul 2014 - 13:01
  • Geweld

Yn Sint Nyk binne sneontenacht twa broers oppakt. De twa - fan 22 en 28 jier út Balk en Sleat - wiene behoarlik ferfelend by it Beachrock Event yn it doarp. Doe't in befeiliger by in rúzje ien fan de twa apart nimme woe, sloech dy him op 'e holle. Hy waard fuortendaliks oanhâlden.

Syn jongere broer wie yntusken ferfelend tsjin in pear oare befeiligers. Ek hy is oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)