Twa oanfallers foar Flyers

23 aug 2007 - 13:39

Iishockeyklub Vadeko Flyers hat foar takom seizoen twa oanfallers kontraktearre. It giet om de 26-jierrige Mike Nason en de 27-jierrige Aleksandr Panchenko. De twa oanfallers binne helle as ferfangers fan Markus Ojala en Casey Bartzen dy't fuortgien binne.

Nason is in Kanadees en Panchenko komt fan Oekraine. Mei de komst fan dizze nije spilers is de seleksje fan de Flyers foar takom seizoen rûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)