Twa nominaasjes NL-awards

10 feb 2011 - 11:44

Omrop Fryslân is mei twa programma's nominearre foar in NL-award. Dat is de ûnderskieding foar de bêste produksjes fan de regionale omroppen. Yn de kategory radio-nijs is de Omrop nominearre mei de reportaazjes oer it probleem mei de knetterjende wettersieders en kofjesetapparaten. Yn de kategory dokumintêres is "De lêste stap" nominearre, in dokumintêre oer minsken dy't harsels tekoart dien ha.

De NL-awards wurde heal maart útrikt op in kongres oer de regionale omrop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)