Twa nije spilers foar Heerenveen

25 jun 2003 - 00:00

SC Hearrenfean hat woansdei twa nije spilers foar it kommende seizoen presintearre. Behalve Richard Knopper (25), dy't fan Ajax hierd wurdt, komt der noch in middenfjilder nei It Fean. It giet om de 22-jierrige Paul de Lange dy't oernaam wurdt fan earste divisjonist Telstar.

Neffens foarsitter Van der Velde moat Foppe de Haan it dêr dit seizoen mei dwaan. John de Jong giet werom nei PSV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)