Twa nije skiphuzen by Jistrum

10 jul 2004 - 14:05

It jachthavenkompleks tusken Jistrum en de Burgumermar is twa nije skiphuzen riker. De skiphuzen kostje meiinoar sa'n oardel euroton. De 52 leden fan wettersportferiening d'Ald Feart droegen sels 40.000 euro by.

Yn 'e skiphuzen is plak foar 26 boaten en bûtendoar is nochris plak foar 29 boaten. It kompleks is yn it plak kommen fan âlde boathokken. De skiphuzen binne fral bedoeld foar minsken út eigen doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)