Twa nije sintra foar autisme

04 apr 2011 - 12:11

Minsken mei autisme yn Fryslân kinne fan dizze wike ôf ek terjochte by twa nije sintra fan it Autisme Team Noard Nederlân. Dat team makket diel út fan Jonx, in organisaasje dêr't ûnder mear de eardere GGZ Grins by belutsen is.

Moandei utere de Nederlandse Vereniging voor Autisme noch krityk op de beskikbere behannelings foar minsken mei autisme. Dy binne net goed genôch rjochte op it type autisme dat minsken ha en dêrtroch bliuwe minsken thús sitten sûnder wurk of in oplieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)