Twa nije rotondes by Marsum

19 des 2007 - 11:24
  • Dit drokke krúspunt wurdt omboud ta minirotonde

Der komme rotondes yn de oansluting fan de op- en ôfrit fan de A31 mei de Westergoawei by Marsum. De ôfrûne jierren hawwe dêr in soad ûngelokken west, wêrfan twa mei dealike ôfrin.

Fanút de omlizzende doarpen Marsum, Deinum en Ritsumasyl wurdt al langer oantrúnd op in oplossing. De rotondes passe goed by de plannen foar de nije Heak om Ljouwert. Dy wurdt by Marsum oansletten op de A31. De provinsje wol takom jier begjinne mei de oanlis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)