Twa nije leden yn Steaten

26 maaie 2010 - 11:54

Provinsjale Steaten hawwe woansdei ôfskie naam fan twa leden. It giet om Sicco Boorsma fan de ChristenUnie, dy't wethâlder wurden is yn Dongeradiel. Ek Marten van der Veen fan de FNP sit net langer yn de steaten, hy is wethâlder wurden yn Achtkarspelen.

Tagelyk mei it ôfskie binne ek twa nije steateleden beneamd. Sicco Boorsma is opfolge troch Anja Haga, Marten van der Veen troch Auke Bijlsma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)