Twa nije froulju foar Anema

12 maaie 2014 - 13:30
  • Carien Kleibeuker nei brûns op 5km

Carien Kleibeuker en Heather Richardson sille kommend seizoen útkomme foar it team Clafis, de ploech fan coach Jillert Anema. Kleibeuker ride de lêste tiid al mei trainingsskema's fan Anema. Richardson, de freondinne fan Jorrit Bergsma, hat dit wykein ek al meitraind en is no defintiyf taheakke oan it team.

Anema wol no noch op syk nei twa froulju en ien man. Anema woe graach de Rus Dennis Yuskov oan de ploech taheakje, mar nei wiken ûnderhanneljen giet dat net troch.

De ploech bestiet no út de folgjende riders:

Carien Kleibeuker
Carlijn Achtereekte
Antoinette de Jong
Brittany Bowe
Heather Richardson
Arjan Stroetinga
Bob de Vries
Erik Jan Kooiman
Crispijn Ariëns
Jorrit Bergsma

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)