Twa motors stellen út motorsaak

20 des 2004 - 13:33

Yn de nacht fansnein op moandei binne by in ramkreak op 'e Gordyk twa motors stellen. De foardoarren fan de motorwinkel oan de Wetterkant wiene der foar in part útriden.

De ynbrekkers hawwe in swarte Harley street fighter meinaam en in Suzuki gsx 1100F. In 46-jierrige ynwenner fan De Gordyk hat oanjefte dien. De beide motors stiene mei kettingslotten op slot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)