Twa minsken op Fortuyn-betinking

08 maaie 2005 - 12:18

Net mear as twa minsken hawwe freedtejûn yn Ljouwert de moard op Pim Fortuyn betocht. It wiene de twa bestjoersleden fan de LPF yn Ljouwert, Joeri Wiersma en André Polak.

Sy sammelen har by it eardere Van der Bergstate yn Ljouwert. Dêr soe Fortuyn 3 jier lyn in lêzing hâlde. Op deselde dei, 6 maaie 2002, waard de politikus fermoarde yn Hilversum. Dat waard freed yn Ljouwert betocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)