Twa minsken ferwûne by brân yn skuorre Garyp

06 nov 2014 - 20:47

By in brân yn in skuorre oan de Singel yn Garyp binne tongersdeitejûn twa manlju ferwûne rekke. De slachtoffers binne mei brânwûnen oan de hannen en earms nei it MCL yn Ljouwert brocht.

De brân ûntstie efkes nei acht oere. Yn de skuorre stienen mooglik meardere auto's. De skuorre is folslein útbaarnd. Omwenners moasten ruten en doarren tichthâlde. De brânwacht joech nei oardel oere it sein 'brand meester'.

By de brân is ek asbest yn de omlizzende túntsjes telâne kaam. De gemeente Tytsjerksteradiel rêdt dit op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)