Twa miljoeneprojekten skrast

07 okt 2010 - 00:42

Fanwege grutte besunigings lûkt de gemeente Eaststellingwerf de stekker út twa miljoeneprojekten. It giet om in plan foar in grutte opknapbeurt foar it sintrum fan Easterwâlde en it plan foar bedriuweterrein Venekoten-Noord. Dit fertutearze bedriuweterrein soe feroare wurde yn in wenwyk.

Troch alle besunigings fan it ryk en de resesje moat Eaststellingwerf de kommende jierren in tekoart fan hast 5 miljoen euro fuortwurkje. De gemeente moat fierders 3,3 miljoen besunigje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)