Twa miljoen foar maatregels dy't goed binne foar it miljeu

06 okt 2015 - 21:28

De provinsje Fryslân stekt de kommende twa jier, twa miljoen euro yn it miljeu. Mei dat jild wol de provinsje it tal saneamde miljeuknyppunten werombringe. Sa komt der ûnder oaren stil asfalt by 170 wenningen, krije itensbanken sinnepanielen en wurde 25 huzen better isolearre.

Oare doelstellings út it Frysk Miljeuplan 2015-2016 binne minder ôffal produsearje, minder enerzjy brûke, en mear produkten út de regio ite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)