Twa miljoen foar efterstânswyk

21 jun 2006 - 11:30

Ljouwert krijt twa miljoen euro foar de oanpak fan efterstânswyken. Minister Pechtold fan bestjoerlike fernijing hat Ljouwert en alve oare stêden frege om mei plannen derfoar te kommen. It giet derom buertbewenners te belûken by it bestriden fan feilichheids- en earmoedeproblemen.

De tolve stêden yn Nederlân dy't it minst skoare op sosjaal mêd profiteare fan de 25 miljoen dy 't Pechtold útlutsen hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)