Twa miljoen euro winst foar útstjoerbedriuw AB Vakwerk

03 mrt 2015 - 17:36
  • Webside AB Vakwerk

Utstjoerbedriuw AB Vakwerk hat ferline jier in winst makke fan 2,1 miljoen euro. Neffens it bedriuw, dat it haadkantoar yn Snits hat, is net allinnich it oantal klanten tanaam, mar ek nimme de besteande klanten gewoan mear ôf. AB hat yn 2013 bot oan it reorganisearjen west en neffens direkteur Van der Veen docht dat no fertuten.

AB Vakwerk beskikt oer hast 5.000 útstjoerkrêften en hat festigings yn Fryslân en Noard-Hollân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)