Twa mannen oppakt nei ûngelok

13 okt 2010 - 10:23

De plysje hat yn Ljouwert twa manlju oppakt neidat har auto belutsen west hie by in ûngelok. De plysje hie in melding krigen dat in auto tsjin in beam flein wie op de Gerbrandywei. De auto wie dêrnei yn de brân flein. In tsjûge seach dat twa manlju útstapten en fuortrûnen.

Doe't de brânwacht it fjoer útmakke, kamen der twa manlju by te stean. Se foldiene oan it sinjalemint fan de twa útnaaid mannen. Sy binne meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)