Twa mannen oppakt foar oerfal

04 mrt 2011 - 10:42

Twa manlju fan 26 en 27 jier út Ljouwert binne oanhâlden fanwege in tal wapene oerfallen yn Ljouwert. De man fan 26 soe belutsen west ha by de oerfal op in heech bejierre echtpear ein septimber ferline jier.

De man soe ek meidien hawwe oan in wapene oerfal in pear wiken lyn yn in hûs oan de Gysbert Japicxstrjitte yn Ljouwert. By dat misdriuw waard ek sketten. De fertochte is tongersdei oppakt. De man fan 27 waard ôfrûne wike al oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)