Twa mannen oanholden foar stellerij lokfyts

15 maaie 2015 - 15:52

De plysje hat tongersdei yn Drachten twa mannen oanholden foar de stellerij fan in saneamde lokfyts. Dêrmei kin de plysje op ôfstân sjen at in fyts brûkt wurdt. Tongersdeitemoarn wie dat it gefal by de bushalte lâns de Wâldwei by Garyp. De fyts waard ferfolgens in eintsje fierderop delsetten. Tongersdeitejûn seach de plysje dat de fyts wer brûkt waard. By de Tjaardaflat yn Drachten koe de plysje in 39-jierrige man út Ljouwert en in 30-jierrige man út De Gordyk oanhâlde.

De mannen wiene de fyts oan it ynladen yn in buske. Yn de auto binne ek acht boltsjes mei drugs oantroffen. Dy binne yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)