Twa manlju pakt foar ynbraak yn winkel Cambuurplein

28 feb 2016 - 11:50

De plysje hat sneintemoarn yn Ljouwert twa manlju oanholden foar in ynbraak yn in winkel oan it Cambuurplein. It giet om in Ljouwerter (26) en in man út Gouda (37).

De Ljouwerter koe fuortendalik oanholden wurde. Troch de ynset fan in plysjehûn koe eefkes letter ek de twadde fertochte oppakt wurde. De man út Gouda waard biten troch de plysjehûn en moast nei it sikehûs. De eigener fan de winkel hat oanjefte dien. Beide fertochten sitte fêst foar neier ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)