Twa manlju oppakt foar mislearre ynbraak yn Grou

05 feb 2016 - 14:59

De plysje hat freedtemoarn op de N31 by Goutum twa manlju út Ljouwert en Snits oanhâlden op fertinking fan ynbraak. De twa waarden betrape doe't se by in hûs oan de Prinses Beatrixwei yn Grou besochten yn te brekken. Se naaiden hurd út yn in auto.

Tsjûgen warskôgen fuortendaliks de plysje. Omdat dy in goed sinjalemint en it kenteken fan de auto krigen hie, koene de fertochten gau oanhâlden wurde. De plysje hat dêrby ek fjoerwapens op de manlju rjochte, omdat der tocht waard dat se fjoerwapengefaarlik wêze soenen.

It ferkear op de N31 waard in skoftsje stillein foar de oanhâlding. De fertochten binne fêstset op it plysjeburo. De auto is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)