Twa manlju op stasjon oppakt

18 jun 2010 - 09:45

De plysje hat op it stasjon fan It Hearrenfean twa East-Europeanen oanhâlden. Dy hiene earder besocht op it stasjon fan Akkrum de I-phone fan in ynwenner fan Breda te stellen. Doe't dat mislearre, stapten se yn de trein nei It Hearrenfean.

Op it stasjon yn It Fean koene se troch de warskôge plysje oppakt wurde omdat de masinist de doarren tichthold. De East-Europeanen binne foar fierder ûndersyk fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)