Twa manlju oanhâlden yn Drachten

28 nov 2004 - 15:29

Twa manlju binne sneon oanhâlden oan de Geeuw yn Drachten foar poging ta moard of deaslach. It giet om in 33-jierrige Grinzer en in 21-jierrige man út Den Haach. De man út Grins hie rúzje mei in 37-jierrige man út Drachten.

Hy besocht de Drachtster yn syn wente mei in mes te stekken. It slachtoffer rûn dêrby snijwûnen op oan de hannen. Ek soe de man út Grins besocht ha mei de auto op de Drachtster yn te riden. De man út Den Haach bemuoide him dermei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)