Twa manlju mishannele

21 sep 2008 - 13:13

In 17-jierrige jonge út Starum hat yn snein om twa oere yn 'e nacht twa manlju fan 26 en 46 jier út Middelstum mishannele yn syn wenplak. Hy waard hiel lulk doe't syn freondinne troch immen treaun waard en begûn hiel wyld om him hinne te slaan en te skoppen.

De ferwûnings fan de twa manlju út Middelstum wiene sa slim dat se foar behanneling nei it sikehûs moasten. Op oanwizings fan tsjûgen is de fertochte oanhâlden en ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)