Twa manlju ferwûne by stekpartij yn Ljouwert

31 okt 2015 - 00:13
  • De plysje docht ûndersyk op de Foarstreek

Der is in 36-jierrige man oanholden foar in stekpartij freedtejûn op de Foarstreek yn Ljouwert. De plysje krige in melding en trof twa minsken dy't ferskate kearen mei in mes stutsen wiene. Dizze beide manlju, Ljouwerters fan 36 en 42 jier, binne nei it sikehûs brocht.

De stekpartij hie yn in ytkafee west en op de kamerabylden fan dizze saak koe de plysje de fertochte werkenne. Letter is er oanholden op it Ruterskertier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)