Twa man omkaam by Easterwâlde

11 sep 2006 - 17:35

By in ûngemak snein by Easterwâlde binne in 18-jierrige Appelskeaster en in 19-jierrige Easterwâldster om it libben kaam. De bestjoerder ferlear de macht oer it stjoer en de auto bruts midstwa.

It achterste part fleach yn brân. It foarste part sloech oer de kop. De Appelskeaster slingere út de auto en stoar op it plak sels. Der is noch besocht de oare man te reanimearjen, mar dat slagge net mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)