Twa man fertocht fan 14 saken

08 mrt 2012 - 11:24
  • Ynbraak

De plysje hat twa manlju út Ljouwert oanhâlden dy't fertocht wurde fan op syn minst 14 ynbraken yn Fryslân en Drinte. It giet om ynbraken dy't sûnt oktober ferline jier pleegd binne yn ûnder oare in hotel, leanbedriuwen en in tsjerke.

De twa manlju fan 41 en 32 jier waarden ein febrewaris betrape by in ynbraak yn Harns. Nei in acherfolging waarden se yn Ljouwert oanhâlden. De plysje is dwaande mei it ûndersykjen fan spoaren dy't de twa manlju efterlitten ha. De fertochten sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)