Twa lju oppakt yn Appelskea

19 aug 2012 - 15:32
  • Plysjemotor

De plysje hat sneontenacht yn Appelskea in 24-jierrige man en 25-jierrige frou út Súdlaren oppakt. Plysjes rieden by in groepke minsken lâns wêrby't de man de plysjes misledige. Dy sprutsen him dêrop oan en fregen him om him te legitimearjen. Dat wegere er wêrop't er oanholden waard.

Yntusken bemuoide de frou har dermei en gedroech har ferfelend rjochting de plysjes. Se hindere de plysjes by harren wurk en dy fregen har ferskate kearen om fuort te gean. Doe't se dat wegere, waard sy ek oanholden.

Beide fertochten binne foar ferhoar ynsletten op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)