Twa lintsjes yn Achtkarspelen

18 maaie 2008 - 12:42

Twa ynwenners fan Achtkarspelen hawwe sneon in lintsje krigen. De Okje Snip (85) fan Boelensloane en Foppe de Vries (70) út Bûtenpost waarden beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Boargemaster Van der Zwan hat de lintsjes sneon útrikt.

Frou Snip set har al hast 20 jier yn foar doarpshûs De Smoute yn Boelensleane. Se is fierder aktyf foar handikapten en âlderein. De Vries set him al 50 jier yn foar toaniel, keatsen, kultuer, sport en natuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)