Twa Larsen nei Sintrumkros

07 des 2012 - 14:27

De hurdfytsers Lars Boom en Lars van der Haar dogge mei oan de Sintrumkros yn Surhústerfean fan 3 jannewaris. Dan wurdt de 18de edysje fan de fjildrit hâlden. De organisaasje is bliid mei de komst fan de twa Larsen.

Lars van der Haar docht it dit seizoen goed. De twafâldich wrâldkampioen by de beloften stiet fjirde yn it wrâldbekerklassemint. Lars Boom wie yn 2008 wrâldkampioen cyclocross, mar rydt no fral op de dyk. Earder waard al bekend dat by de froulju Olympysk kampioene Marianne Vos meidocht oan de Sintrumkros.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)