Twa laptopdieven oanhâlden

10 jul 2013 - 20:05

Twa Ljouwerters fan 33 en 31 jier binne woansdeitemiddei yn de Jelle Bangastrjitte yn Ljouwert oanhâlden troch de plysje. Se hiene trije laptops stellen. De laptops sieten yn de fytstas fan in 33-jierrige Ljouwerter. Hy hie de kompjûters yn de fytstas sitte litten doe't er in boadskip die by in supermerk oan de Wilgenstrjitte. Doe't er werom kaam wiene de laptops fuort.

De plysje hat fuortdalik de kamerabylden fan de supermerk besjoen en foto's fan de fertochten ferspraad ûnder plysjes yn Ljouwert. Sa koene de mannen oanhâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)